Waterman wer yn Jong Oranje

26 apr 2004 - 00:00

Reservekeeper Boy Waterman fan SC Hearrenfean is wer opnommen yn de seleksje fan Jong Oranje. It team spilet tiisdeitejûn in oefenwedstriid yn en tsjin Den Bosch. Earder mocht er ek al útkomme tsjin Ingelân.

Jong Oranje spilet de wedstriid tsjin de earste divisjonist as tarieding op de kwalifikaasjewedstriden foar it EK yn 2006. Yn it team fan bûnscoach Cor Pot sitte spilers dy't nei 1 jannewaris 1983 berne binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)