Waterman mooglik slim blesseard

28 nov 2005 - 11:38

De blessuere fan keeper Boy Waterman fan SC Heerenveen liket slim te wêzen. Waterman hat mooglik in krúsbân skuord en is dan wis seis moanne út de rûlaasje. Ein dizze wike wurdt in MRI-scan makke. Waterman rekke ferline snein tsjin Sparta blessearre.

De blessuere hat mooglik gefolgen foar de loopbaan fan reservedoelman Vandenbusssche. Dy hie oanjûn omsjen te wollen nei in oare klub, omdat er by It Fean net mear yn de basis stie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)