Waterman fjouwer jier nei AZ

29 apr 2007 - 17:50
  • Keeper Boy Waterman

Keeper Boy Waterman giet foar fjouwer jier nei AZ. Waterman waard al troch Hearrenfean ferhierd oan de klub út Alkmaar. By AZ binne se sa tefreden oer him, dat se him no definityf oernimme.

Hokker bedrach AZ betelle hat is net bekend. Waterman hie yn jannewaris noch foar trije jier bytekene by Hearrenfean. Dêr wie hy twadde keeper achter Brian Vandenbussche. Waterman spile 18 kear foar Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)