Wassenaars winne yn Stiens

13 jun 2010 - 16:22
  • Jacob Wassenaar keart de bal (foto's: Henk Bootsma)
  • De finalisten fan de partij yn Stiens

De frijeformaasjepartij keatsen yn Stiens is snein wûn troch Chris en Jacob Wassenaar mei Marten Feenstra It partoer wûn de finale op 5-4 en 6-4 fan Gert-Anne van der Bos, Folkert van der Wei en Daniël Iseger. Grutte man fan it winnende partoer wie opslagger Chris Wassenaar.

De tredde priis wie foar it partoer Jan Dirk de Groot, Karel Nijman en Pier Piersma. Marten Feenstra waard kening fan 'e partij yn Stiens, krektlyk as ferline jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)