Wassenaar net nei WK keatsen

21 jan 2004 - 00:00

Chris Wassenaar docht net mei oan it WK keatsen yn april yn Itaalje. Coach Jehannes Brandsma hat acht man selektearre. De seleksje bestiet út Simon Minnesma, Karel Nijman, Kor Zittema, Jochum Bouma, Robert Rinia, Michel van der Veen, Pier Piersma en Douwe Groenendijk.

Fan de keatsers dy't yn novimber op it WK yn Argentinië stienen, is inkeld noch Jochum Bouma oer. Klaas Anne Terpstra hat sels ôfsjoen oan it WK.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)