Wassenaar kening yn Berltsum

26 jun 2006 - 10:58

Op de frije formaasjepartij yn Berltsum gie de finale tusken de partoeren fan Geert Faber en Jacob en Chris Wassenaar tsjin Johan van der Meulen, Kor Zittema en Taeke Triemstra. It partoer fan Faber wûn mei 5-1 en 6-2. De lytse preemje gie nei Sibbele Lootsma, Herman Sprik en Cornelis Terpstra.

Chris Wassenaar waard útroppen ta kening. Hy hie in topwykein, want sneon waard hy ek al kening.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)