Waskerij Rentex Floron wreidet út; 50 nije wurknimmers socht

18 jan 2016 - 10:45
  • It gebou fan Rentex Floron yn Boalstert

Troch útwreiding fan de produksjekapasiteit, hat waskerij Rentex Floron yn Boalsert plak foar 50 nije meiwurkers. It bedriuw hat mei trije grutte partijen nije kontrakten ôfsluten. It giet om it Spaarne Gasthuis yn Haarlem, Soarchgroep Noordwest-Veluwe yn Ermelo en in tal sikehûzen yn Den Haach.

Jûns- en wykeintsjinsten

Omdat it om kontrakten foar langere tiid giet, is de kapasiteit foar it waskjen fan guod útwreide. Der sille tenei ek jûns- en wykeintsjinsten draaid wurde. Dit biedt neffens Rentex Floron ek mooglikheden foar studinten om by de waskerij te wurkjen as bybaan. 

Njonken útwreiding begjint it bedriuw ek mei in oplieding. Yn gearwurking mei ROC Friese Poort yn Snits kinne minsken oplieden wurde ta logistyk meiwurker. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)