Waskerij Hearrenfean ôfbaarnd

30 des 2005 - 14:30

Waskerij De Blinde op it Hearrenfean is yn de nacht fan tongersdei op freed foar in grut part ôfbaarnd. It fjoer is ûntstien yn de foarste hal oan de Ljouwerterstrjitwei, dêr't tekstyl foar de hoareka en de sûnenssoarch wasken wurdt.

Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekind. De skea is grut. Yn de hal stiene wat gefaarlike stoffen, mar dy hawwe net foar problemen soarge. By De Blinde wurkje sawat 70 minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)