Waskerij De Blinde wol groeie

12 nov 2010 - 15:34
  • Wasserij De Blinde op it Hearrenfean

Waskerij De Blinde fan It Hearrenfean en Boalsert is fan doel om út te wreidzjen. Der wurkje op it stuit 520 minsken. Takom jier wolle se groeie nei 600 wurknimmers.

It bedriuw besjocht op it stuit ek oft se de twa wasserettes ferbouwe kinne om mear romte te krijen. It gebou op It Hearrenfean is yn 2007 splinternij iepene nei in grutte brân. Se knappe hjir hast út harren jaske. Wasserij De Blinde wol útwreidzje omdat se der klanten by krigen hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)