Warten: no ien brêgewipper

01 jun 2010 - 12:43

De twa brêgen yn Warten wurde tenei betsjinne troch ien brêgewipper. Dat is it gefolch fan besunigings fan 'e gemeente Boarnsterhim. De brêgewipper moat no op 'e fyts tusken beide brêgen hinne en wer ride. Oan 'e brêgen hinget in boerd mei in tillefoannûmer dêr't de brêgewipper te berikken is.

It doarpsbelang fan Warten is benaud foar lange wachttiden op it wetter en op 'e dyk. De gemeente tinkt dat it wol wat tafalt. Se wolle it earst in seizoen oansjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)