'Warskôgingsregister behâlde'

10 sep 2007 - 17:21

Wurknimmers dy't feroardield binne foar fraude of stellerij moatte altyd registreard wurde yn it lanlike warskôgingsregister. Dat fynt de V&D yn Ljouwert. It College Bescherming Persoonsgegevens, it CBP, fynt dat dit net oerienkomt mei de privacywet.

Ek de Raad Nederlandse Detailhandel, it oerkoepeljend orgaan fan in grut part fan de Nederlânske winkelketens, fynt dat it register bliuwe moat. De polityk moat foarkomme dat it ferdwynt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)