Warskôgingsbuorden by it spoar

11 apr 2005 - 14:08

Spoarbehearder ProRail hat op trije plakken yn Fryslân warskôgingsbuorden by it spoar delset. Dêrop stiet dat minsken de ûnderhâldspaadsjes by it spoar net as slûprûte nimme moatte, om't dat libbensgefaarlik en ek ferbean is. Boppedat soarget it foar treinfertraging, omdat masjinisten ferplicht ôfremje moatte as der ien by it spoar del rint of fytst.

De buorden binne delset by de stasjons fan It Hearrenfean, Snits en Harns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)