Warskôging plysje: "Sjippeglêde diken, dus bliuw thús!"

07 feb 2015 - 08:37
  • Frachtauto dwers op 'e dyk by Boalsert
  • It is fileriden tusken Wurdum en Hearrenfean
  • Tsientallen auto's bedarren sneontemoarn njonken de dyk

Plysje en Rykswettersteat advisearje minsken sneontemoarn om de kommende oeren net de dyk op te gean en thús te bliuwen. Der hawwe sneontemoarn al sechtich oanridings west troch izel en glêdens. By De Like (A7) binne 4 auto's opinoar botst, by Boalsert kaam in frachtwein dwers op de dyk te stean.

It KNMI hat foar Noard-Nederlân koade oranje jûn. Ferskate diken binne ôfsletten om de ûngelokken ôf te hanneljen: de A7 tusken De Like en Grins, de A32 op de Werpsterhoeke rjochting Grou, en de A7 tusken Boalsert en Wytmarsum.

Op de A32 tusken It Hearrenfean en Grou en op de Wâldwei tusken Drachten en Ljouwert binne ek ferskate oanridings bard. Provinsjale Wettersteat hat sneontemoarn al twa kear struid op de diken.

De sneonskrante falt sneon op fierwei de measte adressen in stik letter yn de bus, sa meldt de Ljouwerter Krante.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)