Warskôging oan pensjonhâlders

22 jun 2011 - 10:24
  • De bút fan East-Europeeske ynbrekkers (foto: Plysje Fryslân)

Pensjonhâlders en eigners fan bêd en brochjes yn Fryslân moatte wach wêze op ûnbetroubere gasten út East-Europa. Dat makket de plysje bekend. Ut ûndersyk docht bliken de 'toeristen' yn guon gefallen ynbrekkers binne.

De plysje hat de lêste tiid ferskate ynbrekkers út East-Europa oanhâlden. Dy dogge harren wol gauris foar as toeristen, mar gean nachts op 'en paad om yn te brekken. De Feriening Bêd en Brochjes en de Recron binne op de hichte steld fan 'e saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)