Warskôging: Ierske oplichters

10 maaie 2011 - 16:11

Plysje Fryslân warskôget der foar om net yn see te gean mei Ieren dy't samar oanbelje mei it oanbod om de gevel skjin te meitsjen. Der komme geregeld meldingen binnen oer de agressive ferkeaptaktyk fan de Ieren.

De Ieren wiene tiisdei warber yn de omjouwing fan Snits, De Jouwer en It Hearrenfean. De Ieren freegje neffens de plysje in soad jild foar wurk fan minne kwaliteit. Neffens de plysje fiele guon minsken har sa ûnder druk set dat se net doare te wegerjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)