Warskôging: glêdens op 'e dyk

30 des 2013 - 07:39
  • Auto yn sleat troch glêdens

De plysje warskôget foar glêdens op 'e diken yn Noard-Nederlân. Moandeitemoarn binne al tsientallen automobilisten ferrast troch de hommelse glêdens. It giet dan benammen om glêdens op op- en ôfritten en brêgen. Der wurdt al drok mei sâlt struid, mar dochs warskôget de plysje minsken dy't no de dyk op geane.

De glêdens is ferriederlik om't de temperatuer oeral boppe it friespunt leit, útsein krekt boppe de diken dêr't in tin laachje iis ûntstean kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)