Warskôging foar ynbrekkers

23 jul 2009 - 10:01

De plysje warskôget Fryske ûndernimmers foar in groep ynbrekkers. Dizze groep brekt geregeld yn by bedriuwen en riedt him goed ta. Yn in soad gefallen komt de groep earst by it bedriuw del. Wylst ien fan 'e ynbrekkers mei it persoaniel praat, plakke de oaren befeiligingssensoaren ôf. Se komme letter werom om yn te brekken sûnder dat it alaarm ôfgiet.

Meiwurkers fan in bedriuw yn Snits betrapen ôfrûne tiisdei trije manlju mei in Noard-Afrikaansk úterlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)