Warskôging foar ûntstoppers

21 aug 2007 - 16:11

De gemeente Ljouwert warskôget de ynwenners foar ûnstoppingsbedriuw Zeker en Mobiel út Heino, dat besiket om ynwenners in kontrakt tekenje te litten. It bedriuw seit út namme fan 'e gemeente te hanneljen. De gemeente krijt hjir klachten oer.

It bedriuw giet de doarren by del en besiket de ynwenners in kontrakt tekenje te litten. De gemeente besiket no om kontakt te krijen mei it bedriuw en hat noch gjin oanjefte dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)