Warskôging foar ûntstoppers

19 jun 2014 - 17:01
  • Gemeente Ljouwert

De gemeente Ljouwert warskôget foar in ûntstoppingsbedriuw dat de yndruk wekt mei de gemeente gear te wurkjen. It bedriuw Zeker en Mobiel giet by de doarren del en biedt langrinnende kontrakten oan om problemen mei it rioel te ferhelpen. Fertsjinwurdigers jouwe de yndruk dat se yn opdracht wurkje fan de gemeente, mar de gemeente seit dat dêr gjin sprake fan is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)