Warskôging foar tikebiten

04 jul 2013 - 12:45
  • Tiken

It RIVM warskôget minsken foar tiken. Minsken dy't yn in grien gebiet west hawwe, moatte harsels kontrolearje op mooglike tikebiten. Undersyk fan de Wageningen Universiteit hat útwiisd dat mar ien op de trije minsken dat docht. No't de fakânsjes begjinne, warskôget it RIVM dat de kâns op in tikebyt wer grut is.

De kommende moannen kinne lanlik 200.000 minsken in tikebyt krije, 6% fan dy minsken krijt ferskynsels fan de sykte fan Lyme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)