Warskôging foar snie

20 jan 2013 - 13:54

It KNMI warskôget foar sniefal yn Noard-Nederlân. Troch de wyn kinne der sniedunen ûntstean. Nei alle gedachten berikke de earste sniebuien Súd-Fryslân sneintejûn om seis oere hinne. Yn it hiele lân kin it glêd wêze troch opferzen stikken dyk of troch snie. Yn Limburch wie it sneintemoarn ekstreem waar mei izel. It KNMI joech koade oranje ôf.

Fanwege de ferwachte sniefal hat Rykswettersteat besluten de Ketelbrêge yn de A6 fan De Lemmer nei Emmeloord sneintemiddei yn beide rjochtings ôf te sluten. De brêge wurdt op 't heden renovearre.

Neffens waarman Pyt Paulusma krije wy moandei en tiisdei ek noch geregeld snie. Woansdei kin ek noch in bytsje snie falle. Tongersdei oant en mei freed is it meastentiids droech mei lichte froast. Nachts is de froast matich. Takom wykein set dan it teiwaar yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)