Warskôging foar skoallen

07 nov 2001 - 00:00

Fjouwer skoallen yn Fryslân ha in warskôging krigen fan de arbeidsynspeksje. De administraasje wie net op oarder of se hâlden har net oan de wet dy't de wurktiden regelet.

De yspeksje hie 34 skoallen yn it noarden besocht. It personiel ûnderfynt in hege wurkdruk. Om't in goede administraasje op in soad skoallen ûntbrekt, is der net goed sicht op de wurktiden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)