Warskôging foar silogas

17 maaie 2014 - 08:17

De sûnenstsjinst foar bisten warskôget boeren foar silogassen yn nije kuilbulten. Dit silogas ûntstiet wannear't der tefolle stikstof yn it gers sit. It gas is te herkennen oan in readbrune kleur. It gas is swierder as lucht en krûpt oer de grûn en is hiel gefaarlik. Foar minsken en bisten is it gas deadlik.

De sûnenstsjinst hat ferskate meldings binnenkrigen oer it gas. Wêrom't der no mear meldings binne as oars, is net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)