Warskôging foar sabeare plysje

07 feb 2011 - 10:45

Yn Snits binne minsken aktyf dy't harren foardogge as plysje. Se ride yn in ûnopfallende auto mei achterop in ljochtbalke 'Stop Politie'. Twa automobilisten krigen in warskôging foar mobyl beljen sûnder holleset. Se soene de bekeuring thús tastjoerd krije, sa sei de sabeare plysje.

De echte plysje freget oaren dy't ek soks meimakke hawwe te beljen. Fierders moatte automobilisten altyd nei legitimaasje freegje, ek fan de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)