Warskôging foar putsjemanlju

30 maaie 2013 - 11:11
  • Skeppe

De plysje warskôget minsken om wach te wêzen foar Ingelsktalige putsjemanlju, dy't bygelyks oanbiede om in oprit oan te lizzen of de tún simmerklear te meitsjen. De plysje seit dat it om oplichters giet. De ferwachting is, dat no't de simmer der wer oankomt, it oanbod fan dy minsken wer tanimme sil.

Der binne al earder klachten binnenkaam, dat de manlju min wurk leverje of harren net hâlde oan de ôfspraken. De plysje riedt minsken ôf om mei de Ingelsktalige putsjeminsken yn see te gean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)