Warskôging foar oplichters

16 okt 2010 - 14:44

De plysje warskôget foar oplichters dy't by de doarren delgean. De manlju prate Ingelsk. Se biede oan om in stoep oan te lizzen of oar strjitwurk om hûs hinne te dwaan. Fierders biede se ek ark lykas aggregaten of kettingseagen te keap oan. De rekkens achterôf binne meastentiids heger as earst ôfpraat of it ferkochte guod doocht net.

De measte meldings kamen oant no ta út de Súdwesthoeke. No dûkte se rûnom yn Fryslân op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)