Warskôging foar oplichter

27 mrt 2009 - 10:07

De plysje Stellingwerven docht ûndersyk nei besykjen ta oplichting troch in ynternetbedriuw. In ûndernimmer út Noardwâlde waard belle mei de meidieling dat syn bedriuw in jier lang fergees advertearre hie op de ynternetside Media Source Nederland en oft de man dêr noch in jier gebrûk fan meitsje woe. De ûndernimmer wist fan neat en gie net op it oanbod yn. Nei in pear dagen krige er wol in rekken. De plysje freget oare bedriuwen har ek te melden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)