Warskôging foar neurolooch MCL

25 apr 2002 - 00:00

In neurolooch fan it MCL yn Ljouwert hat in warskôging krige fan it Medysk Tuchtkolleezje yn Grins. Hy woe net nei it sikehûs komme foar de behanneling fan in pasjinte (24). De frou ferstoar dêrop oan in harsensynfarkt.

De frou wie nei it sikehûs brocht mei slimme klachten. Oer de telefoan sei de arts dat it epilepsy wie. Neffens it tuchtkolleezje hie er al komme moatten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)