Warskôging foar messeslipers

01 feb 2013 - 12:52
  • Plysjemotor

De plysje warskôget minsken foar in groep messeslipers dy't de lêste tiid yn Fryslân aktyf is. Se sitte op campings yn Ljouwert en Menameradiel. Dêrútwei geane se by huzen en bedriuwen del en sette minsken bot ûnder druk om saken te dwaan. Boppedat leverje se meastentiids de messen noch minder ôf as se se krigen om te slypjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)