Warskôging foar Harnzer kafees foar skeinen smookferbod

05 okt 2015 - 14:35

By in kontrôle fan it smookferbod yn de hoareka hat de NVWA yn it wykein in boete en in warskôging útdield oan twa kafees yn Harns. Der waarden acht kafees kontrolearre. By seis wie neat te rêden. Yn ien kafee stie it neffens in wurdfierder fan de NVWA blau fan de reek. De eigener krige in boete oplein fan 600 euro.

As de eigener op 'e nij de fout yn giet, wurdt de boete ferdûbele. Yn in twadde kafee stie de doar fan de smookromte op in kier. De eigener fan dit kafee hat in skriftlike warskôging krigen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)