Warskôging foar glêdens

30 des 2010 - 18:33

Oeral yn de provinsje moat rekken hâlde wurde mei glêde diken. It wurdt spegelglêd troch izel. De plysje warskôget dat benammen klinkerdiken net te fertrouwen binne. Op guon plakken binne al minsken ûnderút gien.

De plysje jout it advys thús te bliuwen as je der net op út hoege. It easten en it noardeasten sille benammen sjippeglêd wurde sa binne de foarsizzings. Yn Grinslân gie it earder tongersdei al mis. Troch de glêdens wiene dêr in soad oanridings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)