Warskôging foar gemyske drug

11 okt 2001 - 00:00

Trije diskoteken op It Hearrenfean warskôgje op it stuit harren besikers tsjin de nije gemyske drug GHB. De besikers krije sûnt ferline wike sneon in flyer dêr't yn stiet dat se om harren drinken tinke moatte.

Der is koartlyn by in besiker in buiske mei in gemyske floeistof fûn en der is in famke yn it sikehûs rekke omdat der wat yn har drinken dien wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)