Warskôging foar 'gefaarlik waar' op Befrijingsdei

04 maaie 2015 - 16:58

Besikers fan de befrijingsfestivals kinne tiisdei mar better de reinklean meinimme. Der wurdt warskôge foar gefaarlik waar fan in oere as alve ôf. Sa is der kâns op swiere tongerbuien mei hagel, swiere reinbuien en swiere wynstjitten oant wynkrêft 10.

Neffens waarman John Havinga sil it pas yn de rin fan de middei fanút it súdwesten opklearje. Mar it is noch net te sizzen hoe let dat krekt wêze sil. De temperatuer is wol goed op Befrijingsdei, it wurdt sa'n 19 graden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)