Warskôging foar Galema

20 jan 2011 - 10:39
  • Deputearre Galema ûnder fjoer

Deputearre Sjoerd Galema moat de kommende wiken ek as listlûker foar it CDA goed om syn wurden tinke. Dat is de útkomst fan in oerenlang debat yn provinsjale steaten woansdei. De politike partijen, útsein Galema's eigen CDA, wiene net bliid mei it optreden fan Galema as listlûker op de nijjiersgearsit fan it CDA.

Galema sei dêr dat er in fúzje tusken de gemeenten Skarsterlân, Gaasterlân-Sleat en Lemsterlân wol sitten sjocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)