Warskôging foar Fries Museum

20 jul 2006 - 14:05

De steatefraksjes fan it CDA en de VVD warskôgje it Fries Museum. It museum soe net genôch foldwaan oan de betingsten fan de Steaten.

De Steaten wolle wol 10,5 miljoen euro bydrage oan de nijbou. Mar dan moat dy bou wol foar rekken en risiko fan de Stichting Fries Museum komme. Fierder moat it depot boud en beheard wurde troch it Museum sels. Oant no ta is dêr gjin dúdlikens oer. De fraksjes hâlde it earst by in warskôging.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)