Warskôging foar Connexxion

15 okt 2011 - 12:42

It sil net wer barre, dat de bus yn Holwert fuortgiet foardat de reizgers goed en wol fan de boat binne. Dy tasizzing docht Connexxion. Yn de ried fan It Amelân ûntstie fan 'e wike op 'e nij reboelje oer it feit dat de bus nei Ljouwert te betiid fuortrydt, in probleem dat him neffens wethâlder Bakema sawat alle wiken foardocht.

Reizgers út Ljouwert wurde soms ek stean litten. It Amelân hâldt strang tafersjoch en slút sanksjes net út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)