Warskôging foar babbeltrúk

25 okt 2013 - 14:29

De plysje warskôget foar dieven dy't mei in ferlechje by âldere minsken thús komme en djoer guod meinimme. De dieders binne meastentiids froulju dy't goed Nederlânsk prate. De dieven belje by de slachtoffers oan en sizze bygelyks dat se fan de tromboazetsjinst binne. As se deryn binne, freegje se oft se nei it húske meie.

In oare dieder belle oan mei it ferhaal dat se harsels bûten sluten hie en de tillefoan brûke woe. De slachtoffers komme der faak letter pas achter dat der wat stellen is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)