Warskôging falske startkaarten

25 apr 2014 - 21:06
  • De fytsalvestêdetocht fan ferline jier

De organisaasje fan de fytsalvestêdetocht warskôget foar de ferkeap fan e-tickets op ynternet. Dy tickets soene neffens de oanbieders brûkt wurde kinne om mei te dwaan oan de tocht, mar dat is net sa. Neffens foarsitter Stephan Rekker wurde der grutte bedraggen frege foar dizze e-tickets, wylst se hielendal neat wurdich binne. De iennichste jildige kaarten binne de stimpelkaarten dy't de organisaasje sels ferkocht hat. Dy offisjele kaarten binne dizze wike by minsken thúsbesoarge.

Ek de offisjele kaarten wurde op ynternet oanbean. Op ûnder oaren Martkplaats wurde der grutte bedraggen foar betelle, somtiden wol trije kear safolle as de gewoane priis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)