Warskôging by ekstreme reinfal

04 des 2003 - 00:00

Wetterskippen wurde fan 12 desimber ôf warskôge troch it KNMI as der te folle rein falt. As de delslach oer in kritike grins hinne giet, dan krije de wetterskippen dat automatysk te hearren. It warskôgingssysteem is ûntwikkele om skea dy't ûntstiet by wetteroerlêst, te beheinen.

Ek driigjende kalamiteiten moatte sa foarkaam wurde. Wetterskip Fryslân wie mei noch fjouwer oare wetterskippen belutsen by de ynfiering fan it systeem.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)