Warskôging bewenners De Lemmer

08 feb 2011 - 18:39

Ynwenners fan de Skippewyk op De Lemmer en bedriuwen oan de Vuurtorenweg moatte ruten en doarren tichthâlde. Ek meganyske fentilaasje moat ôfsletten wurde. De reden dêrfoar is dat de brânwacht in grutte blusoanfal oerwaget op de loads fan Polem dêr't polyesterhâldende hars opslein leit. It grutste part fan de bedriuwshallen is ferlern gien. In part fan de gebouwen is ynstoart.

Neffens de helptsjinsten binne der gjin skealike stoffen frijkaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)