Warskôging: wês wach by pinnen

14 des 2011 - 10:55

De plysje warskôget foar knoeierij mei jildautomaten. In Ljouwerter (46) woe pinne by in automaat oan de Willemskade, mar der kaam gjin jild út. De gleuf wie tichtplakt. Doe't de frou de strip der ôfhelle, siet har jild der achter. By de bank wie dizze praktyk al in kear earder melden, by in automaat oan de Bleekleane. De plysje advisearret minsken wach te wêzen. As se tinke dat der sprake is fan fraude moatte minsken by de jildautomaat bliuwe en dêrwei de plysje en de bank belje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)