Warskôging risiko's alkohol

23 des 2011 - 14:36

Alders fan opgroeiende bern yn Achtkarspelen ha in brief fan boargemaster Adema krigen oer de risiko's fan alkohol by bern. Adema makket him bot soargen oer it alkoholgebrûk by de jeugd. Mei de brief wol hij de heiten en memmen de gelegenheid jaan it ûnderwerp mei de bern te bepraten.

De jierwiksel is de direkte oanlieding foar it brief. Dat is it momint dat in soad bern foar it earst mei alkohol yn oanrekking komme.

Boargemaster Adema wol it kommend jier mei de âlders prate. Der wurde spesjale bijienkomsten foar organisearrre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)