Warskôging foar seehûnen

25 des 2011 - 11:19

De gemeente Flylân warskôget besikers fan it eastlik diel fan it strân rekken te hâlden mei seehûnen. It giet om in tal grize seehûnen mei har jongen, dy't fanwege it hege wetter har heil socht hawwe op it strân. Besikers wurdt frege op ôfstân te bliuwen, om de seehûnen net te fersteuren. Dy soene oars mooglik har jongen yn 'e steek litte kinnen. Ek soene de seehûnen de besikers oanfalle kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)