Warskôging foar kjeld Occupy

28 jan 2012 - 11:20

Ljouwert is net fan plan de minsken fan de Occupybeweging oan de Langemarktstrjitte te ferbieden dêr nachts te bliuwen. De waarberjochten foar nije wike binne dat it nachts flink frieze sil. De gemeente Den Haag hat dêrom de Occupy-minsken dêr ferbean om nije wike nachts noch yn de tintsjes te sliepen. Der giet sneon wol in meiwurker fan de gemeente by de minsken del om har te warskôgjen en te advisearjen om maatregels tsjin de kjeld te nimmen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)