Warskôging foar heech wetter

27 nov 2011 - 11:44

De Stormvloedwaarschuwingsdienst hat sneintemoarn in offisjele warskôging jûn foar heech wetter by Harns, Den Helder en Delfsyl. De tsjinst ferwachtet sneintejûn om tsien oere by Den Helder in wetterstân fan 2,2 meter boppe NAP. Sokke wetterstannen komme ien kear yn de twa jier foar.

De hege wetterstân wurdt feroarsake troch in kombinaasje fan floed en in hurde oant stoarmige wyn. De warskôging betsjut ûnder oare dat der wetterkearingen sluten wurde. Reden foar soarch is der net. De Nederlânske wetterkearingen kinne stoarmen oan dy't ien kear yn de tsientûzen jier foarkomme

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)