Warskôging foar auto-ynbraak

06 mrt 2012 - 15:13
  • Warskôging auto-ynbraak

Auto-ynbraken komme hieltyd mear foar yn nasjonaal park it Drints-Friese Wold. Fral op ôfgelegen parkearplakken slaan dieven harren slach. De plysje hat dêrom tiisdei yn de bosken by Appelskea warskôgingsbuorden pleatst.

Ofrûne snein wie it noch raak op in parkearplak oan de Oude Willem by Appelskea. Dêr waard in jas, in beurs en bankpassen stellen. En ek de Kanadamar, de Keale Dunen en it Grutte Fean binne favorite plakken fan auto-ynbrekkers. Minsken litte te faak guod fan wearde yn de auto lizze.

Plysje en Steatsboskbehear sille ek ekstra surveillearje. As se auto's oantreffe mei weardefol guod, dogge se in briefke mei in warskôging ûnder de rutewisser.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)