Warns wol asylfamylje hâlde

05 feb 2003 - 00:00

Asylsikers dy't al jierren wachtsje op in ferbliuwsfergunning moatte in generaal pardon krije. Dat sei deputearre Mulder woansdei yn de Steaten nei oanlieding fan Mohammed Mahammoud. Hy komt út Somalië en wennet al acht jier yn Warns mei frou en bern. Se ha noch gjin ferbliuwsfergunning.

It doarp docht alle war om útsetting tsjin te gean. FNP en GrienLinks wolle dat it provinsjebestjoer it ryk freget de famylje net út it lân te setten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)