Warns earste Frysk sportdoarp

16 feb 2013 - 17:11
  • Warns earste Fryske sportdoarp

Warns is sneon it earste offisjele sportdoarp fan Fryslân wurden. Mei jild fan it sportstimulearringsfûns fan NOC*NSF is in proefprojekt opset om de 800 ynwenners yn beweging te krijen. Sport Fryslân en in sportcoach helpe deryn mei. Warns hat in nije gymnastykseal, mar dy moat folle faker brûkt wurde. Der wiene sneon demonstraasjes fan sân nije sporten om de ynwenners entûsjast te krijen.

De doarpen Feanwâlden, Wytmarsum en De Gordyk wurde de kommende tiid ek sportdoarp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)