Warkumers oanhâlden mei drugs

09 feb 2007 - 10:50

De plysje hat yn Warkum in grut tal minsken oanhalden omdat se hannelen yn drugs of omdat se drugs yn harren besit hienen. De aksje begûn by in wente oan de Bûterikkers. De buert dêr hie al fermoedens fan 'e drugshannel.

Ien fan de minsken dy't oanhâlden waard wie in man (35) út Wûnseradiel. Earder sei de plysje dat by him 12 liter GHB fûn wie. Dat wie in fersin, der waard mar 1,2 liter fan dizze drugs by him fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)