Warkumers falle plysjes oan

20 jun 2010 - 17:35

Twa aginten binne sneontenacht ferwûne rekke doe't se tuskenbeide kamen by in famyljerûzje yn Ysbrechtum. In hûnebegelieder kaam as earste op de melding ôf dat der in fjochtpartij wie op de Harste.

It slagge de hûnebegelieder om dêr twa manlju út elkoar te heljen, mar ien fan harren waard dêrnei lulk op de plysje. Dy 19-jierrige Warkumer drukte de plysje tsjin de plysjeauto en knypte him de kiel ticht. Gelokkich wie der dêrnei gau fersterking by.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)